Wêr is it tsjirkje ta neitins oan Gerben Rypma bleaun?

18 jan 2020 - 17:10

Op in hikke oan it Brekkenpaad by Aldegea (Súdwest-Fryslân) stiet in byld ta neitins oan skilder en dichter Gerben Rypma. Of eins: stie... It keunstwurk is nammentlik ferdwûn. It giet om stielen byld fan in tsjirk (tureluur) dat makke is troch keunstner Hans Jouta.

Foto: Gerben Rypma Stifting Blauhûs

It byld wie der yn oktober ôfrûne jier delset yn opdracht fan de Gerben Rypma Stifting en markearret it plak dêr't Gerben Rypma (1878-1963) jierren lang wenne hat.

"Tongersdeitemiddei krige ik in appke mei de fraach oft ik wol wist dat it tsjirkje fuort wie", fertelt Sicco Rypma fan de stifting. Gerben wie de healbroer fan Sicco syn oerpake. "Doe sprong ik op 'e fyts om it mei eigen eagen te sjen. Earst wurde je fansels lilk, want wa krijt it no yn 'e plasse om dat mei te nimmen?"

Sicco Rypma oer it stellen byld

It is in byld mei in ferhaal. "Wy woene wat neilitte op it plak dêr't Gerben Rypma in lange perioade wenne hat. Op dat plak hat hy in hiel soad ynspiraasje opdien foar it skriuwen en skilderjen", fertelt Sicco. It tsjirkje stie op in stek tusken it Brekkenpaad en it natuergebiet De Ryp. "Wy ha dat omskreaun as in ferbining tusken Gerben Rypma en de natuer."

Sicco Rypma hopet dat de persoan dy't it earbetoan meinaam hat, it gau wer werom bringt. "It heart thús op it plak dêr't it stie. Wat wolle je der no thús mei?", freget hy him ôf. "Je sette it der del mei goed fertrouwen en dat fertrouwen is no wol fuort." De stifting hat yntusken oanjefte dien.

(advertinsje)
(advertinsje)