Duel VV Bûtenpost staakt: "Skelle mei sykten heart net op it fuotbalfjild"

18 jan 2020 - 16:40

It duel tusken de fuotballers fan NSC Nijkerk en VV Bûtenpost yn de haadklasse B is sneontemiddei definityf staakt. It stie op dat momint 2-0 foar NSC.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

It waard ûnfreonlik op it fjild, doe't beide teams mei inoar op 'e fûst giene. Dat barde nei in pear hurde oertrêdingen fan beide ploegen. Dêrby wie fan de kant fan Bûtenpost benammen Berend Schootstra by belutsen. Schootstra krige in reade kaart fan de skiedsrjochter, mar ek in spiler fan NSC Nijkerk moast fan it fjild.

De emoasjes rûnen heech op, en de skiedsrjochter woe it spul tydlik stillizze. Neffens trainer Jasper Bouma fan Bûtenpost gie it doe mis. "Doe't dy kaarten útdield waarden, waard der fan de kant fan Nijkerk noch in oantal ferwinskingen rjochting de skiedsrjochter roppen. Der waard skolden mei in sykte bygelyks. Dêrnei wie de skiedsrjochter net mear yn steat om in ferfolch te jaan oan de wedstriid en besleat it spul definityf te staken."

Trainer Jasper Bouma fan VV Bûtenpost

Bouma fynt it spitich dat it sa gien is. "Hjir komme je fansels net foar. Je komme gewoan om in wedstriid te fuotbaljen." Dochs kin de trainer him folslein fine yn de reaksje fan de skiedsrjochter. "Skelle mei sykten heart net thús op it fuotbalfjild. Beide ploegen ha har liede litten troch emoasjes en dat is net goed te praten."

Bouma tinkt dat it spul noch wol útspile wurde sil. "Wy sille noch in kear nei Nijkerk ôfreizgje moatte. Dat makket it fansels ekstra soer, dêr wurdt gjinien bliid fan."

De wedstriid

Nei goed in heal oere spyljen wie it de thúsploech dy't de wedstriid lyke te beslissen. Binnen twa minuten kaam NSC op 2-0 troch goals fan Eyup Terlemez en Renee Troost. Bûtenpost besocht dêrnei noch wol om wat werom te dwaan, mar de oanslutingstreffer siet der foar it skoft net mear yn.

Fiif minuten yn de twadde helte krige Bûtenpost in kâns om werom te kommen yn it duel, mar de kopbal fan de Blaukes kaam op de latte telâne. Oan de oare kant koe Yordi Grovenstein der 3-0 fan meitsje, mar ek hy slagge der net yn om it doelpunt te meitsjen.

Dêrnei waard de wedstriid definityf stillein.

(advertinsje)
(advertinsje)