Auto bedarret op sydkant yn sleat by Burgum

18 jan 2020 - 16:27

Op de Sintrale As by Burgum is sneontemiddei in auto op 'e sydkant yn in sleat bedarre. Nei alle gedachten ferlear de bestjoerder de macht oer it stjoer troch in hagelbui.

Foto: De Vries Media

Ien rydstripe hat in skoft ôfsletten west. Der waard in ambulânse oproppen om de automobilist te ûndersykjen. Oft it slachtoffer ek nei it sikehûs brocht is, is net bekend. De auto rekke slim skansearre en is burgen.

Trefwurden: 
ûngelok Burgum Sintrale As
(advertinsje)
(advertinsje)