Harkemase Boys wint fan VVOG, ONS yn spektakelstik ûnderút tsjin Almere

18 jan 2020 - 16:27

De fuotballers fan Harkemase Boys ha sneontemiddei mei 3-1 wûn fan VVOG. De Harkiten bliuwe troch de winst op it tredde plak stean yn de tredde difyzje. ONS Snits ferlear thús yn in wier spektakelstik mei 2-3 fan Jong Almere City.

Foto: Orange Pictures

Harkemase Boys moast it yn Harderwijk opnimme tsjin VVOG, de nûmer sechstjin fan de kompetysje. De Harkiten setten harren tsjinstanner al betiid yn de wedstriid ûnder druk. Nei in pear lytse kânskes yn de earste minuten wie it yn de achtste minút al raak. Robert Stelpstra makke der 0-1 fan op oanjaan fan Pier Veldman. VVOG kaam dêrnei better yn de wedstriid.

Nei tweintich minuten woe de ploech út Harderwijk in strafskop nei in oertrêding op Meulens, mar de skiedsrjochter woe dêr neat fan witte. VVOG wie krekt foar it skoft noch gefaarlik út in frije traap, mar de stân by it skoft wie 1-0 foar Harkemase Boys.

Kontrôle kwyt, mar wol de winst

Fiif minuten yn de twadde helte makke Rihairo Meulens der 1-1 fan. VVOG wie dêrnei baas op it fjild. De thúsploech sette druk op Harkemase Boys, mar dy koene stân hâlde. Ut it neat krige Robert Stelpstra oan de oare kant fan it fjild in grutte kâns op syn twadde doelpunt, mar syn kopbal bedarre op de latte.

Harkemase Boys wie wer wekker en yn de 72ste minút koe Henny Bouius der yn de rebound 1-2 fan meitsje. Fiif minuten foar tiid makke Berwout Beimers der noch 1-3 fan. Troch de winst bliuwt Harkemase Boys tredde yn de tredde difyzje, mei 35 punten út 17 wedstriden.

ONS ûnderút yn spektakelstik

ONS Snits begûn goed oan it duel tsjin Jong Almere City. Ruendel Martina en Tyson Dos Santos koene beiden skoare, mar seagen dat ferdigener Pupe twa kear in bal fan de line helle. Nei in kertier kamen de Snitsers op foarsprong doe't Ruendel Martina in foarset fan Oege Sietse van Lingen binnen tikke.

Jong Almere gie op syk nei de lykmakker, krige ek in pear grutte kânsen, mar keeper Justin van der Dam koe in soad ballen tsjinhâlde. Healwei de earste helte wie ek Van der Dam kânsleas, doe't Samuel Brobbey úthelle foar de 1-1. In pear minuten letter sette Brobbey ek de 1-2 op it skoareboerd.

Nei it skoft gie ONS op syk nei de lykmakker. Dy moast der komme doe't ferdigener Pupe in reade kaart krige foar in handsbal. Spitigernôch waard de penalty fan Genridge Prijor tsjinhâlden troch keeper Keller. Mei tsien man kaam Jong Almere City op 1-3, doe't Zimmerman skoarde.

Ien minút foar tiid krige ONS noch in kâns om werom te kommen yn de wedstriid. Tyson Dos Santos mocht in strafskop nimme nei in oertrêding fan Keller. Fierder dan 2-3 kamen de Snitsers net mear. ONS bliuwt ûnderoan stean yn de tredde difyzje mei 6 punten út 17 wedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)