Fúzje moat kristlik ûnderwiis yn Noardeast-Fryslân rêde

18 jan 2020 - 15:12

In bestjoerlike fúzje moat derfoar soargje dat it kristlik middelber ûnderwiis yn Noardeast-Fryslân ek yn de takomst bestean bliuwt. It Dockinga College, CSG Liudger en it Lauwers College hawwe dêrom in plan opsteld dat dy fúzje mooglik makket. Ek de praktykskoalle PRO Dokkum en de Inspecteur Boelensschool op Skiermûntseach dogge mei.

De skoallen meitsje har soargen oer de takomst troch de krimp. Dy sil derfoar soargje dat der minder learlingen binnen komme en dêrtroch ek minder jild. "We kunnen het op dit moment wel redden, maar er zijn grote bestuurlijke vraagstukken. We hopen door die samenwerking ook de kwaliteit van het onderwijs op peil te kunnen houden", seit Joop Vogel, bestjoerder fan it CSG Liudger.

Hoe bot it learlinge-oantal ôfnimme sil, kin Vogel noch net sizze. "Er spelen allerlei factoren mee. Maar we houden rekening met een daling van 2 tot 10 procent van onze leerlingen." Om dat op te fangen wolle de skoallen in soad fan de ûnderstypjende tsjinsten gearfoegje.

Skoallen bliuwe bestean

De fúzje soe, sa't de plannen no steane, gjin banen kostje en ek de skoallokaasjes bliuwe allegear bestean. "Ik kan natuurlijk niet helemaal in de toekomst kijken, maar onze intentie is om zeker alle scholen te laten voortbestaan." De kommende moannen prate de meisizzenskipsrieden oer de plannen. It kin noch wol in pear jier duorje foardat de fúzje in feit is.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga prate mei Joop Vogel fan it CSG Liudger yn Drachten

(advertinsje)
(advertinsje)