Harsenfluesûntstekking op skoalle Ljouwert, GGD warskôget

18 jan 2020 - 13:03

Alden fan bern op yntegraal bernesintrum Teresa yn de Ljouwerter wyk Techum moatte wach wêze op symptomen fan harsenfluesûntstekking. Sûnenstsjinst GGD hat harren dêroer in brief stjoerd. In bern út groep ien fan de skoalle is opnaam yn it sikehûs mei meningitis.

Yntegraal bernesintrum Teresa yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

De GGD seit dat de kâns lyts is dat oare bern de sykte ek krije kinne. Mar mocht in bern yn koarte tiid slim siik wurdt, hege koarts krije, pineholle hawwe, de nekke net bûge kinne en suf wêze, dan moat kontakt opnaam wurde mei de húsdokter.

Marleen Luning (GGD) oer meningitis

(advertinsje)
(advertinsje)