HEA! Pensjonearden op glêd iis
Op it iis fan Thialf wurdt alle wiken omraak riden troch sportivelingen dy't allegearre al út it wurk binne. Ien fan harren is de 84-jierrige Germ Hogendorp fan Snits. In jonge god op it iis, sa wurdt beweard troch syn ploechgenoaten. Grapke fansels, want dy wurde der in soad makke troch dizze pensjonearden op glêd iis.