UPDATE: Auto yn feart by Bontebok, bestjoerder ferstoarn

18 jan 2020 - 10:56

By Bontebok hat sneontemoarn in deadlik ûngelok west. It slachtoffer is in 24-jierrige ynwenner fan de gemeente Hearrenfean. Hy wie mei de auto de Twadde Kompanjonsfeart yn riden.

Om kertier foar njoggenen sneontemoarn waard syn auto oantroffen. De helptsjinsten kamen dêrop yn aksje. In kraan hat de auto op de wâl takele. De man waard út de auto helle. Dûkers hawwe socht nei mear slachtoffers, mar dy binne net fûn.

(advertinsje)
(advertinsje)