Earste papieren kaarten Slachtemaraton ferkocht

18 jan 2020 - 09:09

De echte leafhawwers wiene der sneontemoarn ier en betiid by. Om kertier foar seizen waard it ticketloket foar de Slachtemaraton iepene. It kassahokje stie yn it lân fan Easterbierrum, dêr't de Slachte dit jier einigje sil. Om 6 oere gongen de kaarten yn de online-ferkeap, mar de organisaasje woe ek graach papieren kaarten oanbiede dy't minsken fuortendaliks meinimme kinne.

Willem Hielkema is bliid mei it ferkeappunt. "Sjoch, wy binne digibeten. As wy om 6 oere ynlogge moatte, is dat allegearre sa dreech." Hielkema sil de Slachte dit jier foar de sechde kear rinne. "Fjouwer jier lyn hiene wy in kaartsje en doe sieten wy yn de lêste groep. Dan rinne je altyd efteroan." Hielkema hopet dat er by it kassahokje in kaartsje kriget mei in betide starttiid.

Fyftjin minsken

By de kaartferkeap yn Easterbierrum wiene sa'n fyftjin minsken. Martin Winters is artistyk lieder fan de Slachtemaraton. Hy is tige bliid mei de opkomst foar de ferkeap fan de kaarten dy'tst sa meikrigest. "Doe't wy hjir sa niiskrekt oankamen, om sawat kertear oer fiven hinne, stiene hjir al minsken yn de kjeld en yn de wyn. Ik fyn it hartstikke moai."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Oare minsken

Afke Huistra rint de Slachtemaraton dit jier foar it earst. Sy wie der betiid by om in papieren kaartsje krije te kinnen. "Do trefst hjir wer oare minsken dy't hiel entûsjast binne, rekkest oan de praat en rinst hielendal waarm foar de Slachtekuier. Ik fyn it echt hiel leuk."

Neffens Martin hat de ferkeap fan papieren kaarten wat eksklusyfs. "Der is ien dy't op in lokaasje sa midden yn it lân it earste kaarstje kocht hat. En dat is gewoan in leuk idee."

De Slachtemaraton sil rûn wurde op 13 juny fan dit jier.

Ferslachjouwer Jantine Stoffers is derby

(advertinsje)
(advertinsje)