Kollum: "Bank run"

"Op tongersdei 1 oktober 2009 sei Pieter Lakeman fan Stichting Hypotheekleed yn Goedemorgen Nederland dat alle klanten fan de DSB Bank harren sparjild opnimme moatte soenen, om dy bank om sjippe te helpen."
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
Ferdinand de Jong: "Bank run"
"Wat folge wie in saneamde bank run. Yn alve dagen waard 622 miljoen fan de 4.1 miljard euro dy't de DSB Bank yn behear hie, opnaam. De polityk, premier Balkenende en Wouter Bos as minister fan Finânsjes spuiden raar guod. Lakeman syn oprop waard as 'bedenkelijk' en as in 'onverantwoorde actie' bestimpele. It koe lykwols net foarkomme dat op 19 oktober de DSB Bank fallyt gie. Binnen tweintich dagen. De Nederlandse Bank moast de saneamde Noodregeling yn wurking stelle. It effekt fan sa'n bank run is gigantysk.
No hat de polityk der in hekel oan om de toutsjes net yn hannen te hawwen. Foaral as it om jild giet. Jo koene dus op je giele VV-klompen oanfiele dat dêr in reaksje op komme soe. En dy kaam ek. Op 23-12-2010, in goed jier letter dus, stie op de side Recht.nl it folgjende berjocht:
Oproep tot 'bank run' strafbaar
Openbare oproepen tot een bank run, het in groten getale opnemen van geld van bankrekeningen, worden strafbaar gesteld. Door dergelijke oproepen kan een onbeheersbare situatie ontstaan voor de financiële positie van banken. Op het nieuwe delict zal maximaal vier jaar gevangenisstraf en een geldboete van 19.000 euro komen te staan.
Wy binne troch heit en mem as jonge bern al ynskreaun by de Boerenleenbank, de foarrinner fan de hjoeddeistige Rabobank. Je waarden achte om te sparjen foar letter. Jimme kinne de sparwiken by omke Rabo grif noch wol. Al dy gûnen, ryksdaalders, kwartsjes en dûbeltsjes dy't jo byinoar skrabbe hiene, waarden yn in telmasine smiten en se rûgelen allegearre yn de bakjes wêrnei't it oardiel oer jo saldo foel. It mei plestik kaft útfierde sparbankboekje sil ik grif noch ergens op souder yn in doaze bewarre hawwe. It hearde der gewoan by, want oer dat jild betelle de bank rinte.
Der wiene minsken dy't safolle jild hiene dat se fan de rinte bestean koene. Dizze wike makke de ABN Amro bekend dat se de rinte op nul persint sette. Minsken mei mear as in miljoen meie sels betelje foar de geunst fan de bank om op harren jild te passen.
No haw ik yn de fierste fierte gjin miljoen op de bank, mar dochs, dit fielt foar in rjochtaarde kalvinist oan alle kanten fout, gemien, net rjochtfeardich, skandalich en sa kin ik noch wol in pear betinke. Oer jo troch hurd wurkjen fertsjinne jild gjin rinte barre, mar betelje? Op de radio joech in yn sân hasten oproppen saakkundige as goede ried om it jild mar yn jo hûs te ynvestearjen, of it oan de bern te jaan. Mar dêr wie it ynearsten net foar bedoeld, it is ús leard dat it foar jo âlde dei is. Al hielendal as jo ZZP'er binne, is it advys fan sa'n saakkundige in klap foar de kop. De safolste.

De Rabobank sil oer net al te lange tiid it ynsleine paad wol folgje. Jo hawwe daliks de neiging en helje al jo jild fan de bank en lit se der fierder mar yn smoare. Rop it fan de dakken. Lit beppe in grutte of wat lytsere sok breidzje en stopje de brut dêryn. Mar dat mei net, dat roppen. Dat is strafber. Dus dat sil ik dan ek mar net dwaan."