Kwaliteit molke natuerynklusyf buorkjen ûndersocht

Op 'e Gaastmar is freedtemiddei offisjeel in twajierrich ûndersyk úteinset nei de relaasje tusken natuerynklusyf buorkjen en de kwaliteit fan molke. In foarûndersyk jout oan dat der mooglik sûnere fetten yn dy molke sitte, wêrtroch't de tsiis fan dy molke better smakket.
Kwaliteit molke natuerynklusyf buorkjen ûndersocht
It ûndersyk is in inisjatyf fan de stichting Natuurlijk Melken en der dogge tweintich boeren oan mei, de measten út Fryslân. It projekt 'Melklab' wurdt mei betelle troch de provinsje.
De kij by de dielnimmende boeren frette benammen gers of farske kuil mei betiden ek krûden. Se wurde minder as gewoanwei byfuorre mei mais of krêftfoer. De molke fan de kij wurdt geregeld ûndersocht op fetsoer, mineralen en fitaminen. Ek wurdt der by wize fan proef tsiis fan makke.
Molke fan boeren dy't natuerynklusyf buorkje © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Boeren krije mear ynfloed op de kwaliteit fan de molke troch it ûndersyk. Dat moat liede ta in soarte fan hânlieding dy't maklik te brûken is. De boer kin dan as fakman oan noch mear 'knoppen draaie' om syn of har produkt te ferbetterjen.
Boer Frank Ypma fan Aldegea ferwachtet dat dêrtroch de wille yn syn wurk allinnich noch mar tanimme sil: "Ja, dat tink ik wol. Dan hoege je eins net te groeien yn it tal kij, mar dan kinne je wol je útdaging helje út datsoarte fan saken."
De dielnimmers en útfierders toaste op it begjin fan it projekt © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Boeren dy't deryn slagje om mear ynfloed te krijen op de kwaliteit fan de molke en dan ek nochris in relaasje lizze kinne mei in wize fan buorkjen dy't goed is foar it ferskaat oan soarten fûgels en planten yn de greide, kinne dat brûke om de produkten foar in goede priis te ferkeapjen. Mooglik is der ek in ferbân te lizzen mei de sûnens fan de bisten.
Yn it bûtenlân wurde al suvelprodukten ferkocht mei it label dat it produsearre is troch kij dy't inkeld gers frette. Nederlânske suvel hat in hege kwaliteit, mar de rest sit ek net stil, sa klonk in warskôging by de presintaasje fan it projekt Melklab.
De stâl fan boer Frank Ypma © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Ien en oar liket yn 'e buert te kommen fan in nij fertsjinmodel foar natuerynklusive lânbou. Catharinus Wierda fan de stichting Natuurlijk Melken seit der dit oer: "Ik tink dat wy yn Nederlân dochs al sjen moatte nei in nije kwaliteit. En wy besykje dy kwaliteit te keppeljen oan in natuerynklusive bedriuwsfiering. As dat der útkomt, is dat fansels top. Want dat soe in ekstra driuwfear wêze kinne, ek foar oaren om dêr wat mei te dwaan."
Catharinus Wierda en Frank Ypma