Teäterstik oer fersetsman Gerard Reeskamp: "Na de oorlog viel hij van zijn voetstuk"

17 jan 2020 - 22:56

Wat makket ien in held? Om dizze fraach draait it yn it teäterstik Skaad. It fertelt it ferhaal oer de fersetsman Gerard Reeskamp út Het Gooi, dy't yn de oarloch nei Fryslân kaam. "Hij richt de knokploeg van Scharnegoutum op, pleegt overvallen op politiebureaus en is betrokken bij de overval op de Blokhuispoort in Leeuwarden", fertelt skriuwster fan it stik Marijke Schermer. "Maar na de oorlog valt hij van zijn voetstuk."

Foto: -

Hy wurdt nei de oarloch feroardiele foar belutsenheid foar in moard op in feehanneler, dy't plakfûn yn de oarloch. Syn heldestatus wurdt ôfnommen. Skriuwster Schermer fernimt dat it nei al dy jierren noch bot libbet by de belutsenen en de famyljes.

"Betrokkenen zijn bezig om het verhaal nog beter te vertellen en hebben een bepaalde opvatting over welke elementen belangrijk zijn of wat verzwegen moet worden." Guon fine dat Reeskamp net swier genôch straft is en oaren fine dat hy just te swier straft is en dat hy hoe dan ek in held is.

It stik wurdt spile yn in pleats by Skearnegoutum. Yn dit doarp brocht Reeskamp de Twadde Wrâldoarloch troch.

Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer Wendy Kennedy oer Skaad

(advertinsje)
(advertinsje)