Lintsjesrein foar brânwachtfrijwilligers De Fryske Marren

17 jan 2020 - 22:43

In grutte groep brânwachtfrijwilligers yn de gemeente De Fryske Marren hat in keninklike ûnderskieding krigen. Se binne beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Op De Lemmer krigen njoggen in ûnderskieding en op De Jouwer fjirtjin. Se krigen it lintsje út hannen fan boargemaster Fred Veenstra.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Yn it ferline krigen alle brânwachtfrijwilligers nei tweintich jier automatysk in lintsje. Dy regels binne no feroare. Neffens de Kanselarij der Nederlandse Orden, ferantwurdlik foar de lintsjes, binne der redenen foar de oanpassing. Om't de brânwachters in finansjele fergoeding krije, wurdt it net sjoen as frijwilligerswurk.

Om de spuitgasten dochs te earen hat de gemeente De Fryske Marren foar de groep dy't no tweintich jier of langer yn tsjinst is in lintsje oanfrege. Neffens boargemaster Fred Veenstra krije se dy ek mear as fertsjinne: "Se steane mear as tweintich jier klear om der dei en nacht op út te gean. En dat binne net de leukste putsjes. Dat hat impact op it gesin, seker as je nei slimme ûngemakken moatte. Dan meie je bêst yn it sintsje set wurde foar je ynset."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Moaie wurdearring foar it wurk

Hein van Dijk is al 32 jier frijwilliger by de brânwacht. Hy is wiis mei de ûnderskieding: "Ik sjoch it echt as in wurdearring fan de mienskip foar it wurk dat we dogge." Maklik is dat faaks net. Njonken de ûngemakken stiet ien grutte brân him it meast by. "Ja, dat wie de brân yn de tsjerke De Oerdracht hjir op De Jouwer. Dat hat echt djippe yndruk makke."

Foar frijwilliger Sjoerd Zwart is it lintsje ek in wurdearring foar wat se altyd dogge foar de minsken. "Foar my is it begûn as hobby. Mar it is no folle mear as dat. It is no in ûnderdiel fan myn libben. Net allinnich foar my, ek foar myn gesin."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by de útrikking fan de lintsjes oan de brânwacht

(advertinsje)
(advertinsje)