Sealfuotbalsters Drachtster Boys ferrasse mei winst op koprinner Team Alkmaar

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys ha freedtejûn goeie saken dien troch koprinner Team Alkmaar te ferslaan. Yn eigen hûs waard it 2-1.
Drachtster Boys kamen al nei in pear minuten op foarsprong. In lange bal fan keepster Anna Reitsma op Jessie Prijs waard ferkeard ynskat troch de keeper fan Alkmaar. Sy rekke de bal noch oan, mar koe net foarkomme dat it in doelpunt waard.
De Drachtsters holden dêrnei it bettere spul en krigen ek wol kânsen, mar koene de foarsprong net grutter meitsje.
Dat slagge yn de twadde helte wol. Esther van Toledo kaam oer de sydkant rap nei foaren en sette foar op Rianne Mulder. Sy wurke de bal binnen en makke sa de 2-0.

Lette oansluting

Alkmaar socht de oanfal, mar kaam net echt ta kânsen. Pas krekt foar tiid skoarden sy noch doe't Milenca van Ee de bal krige en frij binnen skeat: 2-1.
De besikers krigen krekt foar tiid ek noch in frije traap ticht by it doel, mar dy koe Reitsma maklik hâlde.