SC Cambuur ûnderút by leechfleaner TOP Oss

17 jan 2020 - 22:03

SC Cambuur is freedtejûn ûnderút gien op besite by TOP Oss. De Ljouwerters ferlearen mei 3-2 fan de nûmer achttjin fan de earste difyzje.

Robert Mühren baalt fan in miste kâns - Foto: Orange Pictures

Al nei in pear minuten wie it raak. Jamie Jacobs skeat en fia TOP Oss-ferdigener Henk Dijkhuizen gie de bal it doel yn. Amper twa minuten letter makke Robert Mühren der hast 0-2 fan doe't hy allinnich op keeper Ronald Koeman ôfgie, mar dy wist it skot fan de spits tsjin te hâlden.

Foarsprong foar TOP Oss

Ek Ragnar Oratmangoen besocht it, mar syn skot einige ek yn de hannen fan Koeman. Nei tweintich minuten wie it dyselde Oratmangoen dy't in spiler fan Oss delhelle yn in strafskopgebiet. Philippe Rommens skeat de penalty raak foar de thúsploech. TOP Oss sette goed troch en kaam ek op foarsprong, doe't ferdigener Rick Stuij van den Herik út in hoekskop ynkopte.

Wiksels

Trainer Henk de Jong besleat doe om yn te gripen en Doke Schmidt, dy't in oantal kearen foarbyrûn waard troch de oanfallers fan TOP Oss, te wikseljen. Kellian van der Kaap kaam foar him yn it fjild.

In pear minuten letter makke Cambuur al wer lyk. In foarset fan David Sambissa einige by Mühren, dy't mei in hurd skot de bal efter Koeman wurkje koe. It wie it sechtjinde doelpunt fan de spits.

Miste kânsen

Cambuur begûn de twadde helte mei twa grutte kânsen foar Mühren, mar de spits kaam yn earste ynstânsje net foarby keeper Koeman en kopte dêrnei fan tichtby it doel neist.

Nettsjinsteande de kânsen fan Cambuur wie it TOP Oss dat wer ta skoaren kaam. Op 'e nij wie it Stuij van der Herik, dy't hurd binnenskeat neidat Sonny Stevens in foarset net fuortwurkje koe.

Koarte ynfalbeurt

Cambuur woe dúdlik net ferlieze en Henk de Jong sette dan ek in ekstra oanfaller yn: Delano Ladan kaam it fjild yn foar Calvin Mac-Intosch. Dat duorre lykwols net lang, want yn de 75e minút makke Ladan in swiere oertrêding en moast hy mei in reade kaart der wer ôf.

De Ljouwerters besochten dêrnei wol om wer lyk te kommen, mar ticht by in doelpunt kamen sy net mear. Sonny Stevens moast krekt foar tiid sels noch de 4-2 foarkomme mei in rêding.

Koprinner

Omdat Jong Ajax moandei pas yn aksje komt, bliuwt Cambuur foarearst wol koprinner. De Amsterdammers stean twa punten efter Cambuur en sille it opnimme tsjin FC Dordrecht.

TOP Oss - SC Cambuur 3-2 (2-2). 7. Henk Dijkhuizen (e.d.) 0-1, 20. Philippe Rommens 1-1, 25. Rick Stuij van den Herik, 37. Robert Mühren 2-2, 60. Stuij van den Herik 3-2.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Sambissa, Schouten, Mac-Intosch (66/Ladan), Schmidt (34/Van der Kaap); Oratmangoen, Hoedemakers, Jacobs; Paulissen (72/Breij), Mühren, Antonia.

(advertinsje)
(advertinsje)