Blyndoek populêre fetish yn Fryske sliepkeamers

17 jan 2020 - 21:55

Bleate fuotten, hege hakken of learen klean. Hjir kinne minsken in fetish foar ha. Se reitsje seksueel opwûn fan oare saken dy't oer it algemien by seks hearre. Op Wrâld Fetish-dei is it nijsgjirrich om ris te sjen wat in populêre fetish is ûnder de Friezen.

Foto: Omrop Fryslân

Oer it algemien wurdt der net sa maklik praat oer wat guon lekker fine op it mêd fan seks, lit stean it gebrûk fan spesjale seksspultsjes, sa as titklemmen, klitorisfibrators of hânboeiens. Mar in fetish ha en dêr spesjaal guod foar keapje wolle, is neffens Myneke ter Maat fan erotykshop Euphoria op It Hearrenfean net hiel frjemd. "Voor ons is het natuurlijk niet zo heel bijzonder, het is iets waar we dagelijks mee omgaan."

Ut taboesfear

Neffens Ter Maat is it goed dat der oer it genot fan seks sprutsen wurdt, om it mear út de taboesfear te heljen. Sa wurdt it makliker foar minsken om oan te jaan wat se wol of net noflik fine. Der binne guon minsken dy't hiel skruten in erotykwinkel binnen stappe, mar ek minsken dy't graach advys ha wolle wat no it bêste by harren winsken leit.

Ter Maat seit dat it keapjen fan in fibrator of glydmiddel wat har oanbelanget heart by normale seks. "Maar een fantasiedildo, daar hebben we een hele plank van, dat doet het heel goed. Dat valt bij ons onder fetish en kink. We hebben er gigantische bij, ook hele mooie, die geïnspireerd zijn door draken. Het ziet er heel anders uit dan hoe het er in werkelijkheid uitziet. We hebben hele grote, hele dikke dildo's. Er zijn mensen die van een normale maat niet opgewonden raken, die hebben iets meer nodig."

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Myneke ter Maat fan erotykwinkel Euphoria

By fetish wurdt al gau tocht oan it gebrûk fan swypkes. "We hebben een hele verzameling zweepjes. Heel zachte, die meer aaien, tot hele gemene, die meer zeer doen. Sommige mensen worden opgewonden van aaien, maar anderen hebben iets meer nodig, dan wordt het pijnlijk", seit Ter Maat. Mar it brûken fan in blyndoek by de seks kin ek in foarm fan fetish wêze. Yn Euphoria lizze der blyndoeken yn ferskillende soarten, maten en kleuren en dy wurde tige goed ferkocht.

Blyndoek spannend

Friezen lykje graach in blyndoek yn de sliepkeamer te brûken. "Ik denk dat er toch wel een heleboel in Fryslân zijn die iets van een fetish hebben voor een blinddoek tijdens de seks, omdat dat het wel spannender maakt." Guon minsken wurde opwûn just trochdat se neat sjogge. It is populêr wurden troch ûnder oare de film en it boek Fifty Shades of Grey, in eroatysk ferhaal dêr't bondaazje, rollespullen en dus blyndoeken yn brûkt wurde.

Neffens Ter Maat doarden minsken nei de film earder te freegjen nei fetish-guod. Der komme sawol âldere as jonge minsken yn de erotykshop. Minsken dy't allinnich binne of just stellen, mei gewoane fragen of dy't mei hiele tassen fol seksspultsjes de doar útrinne.

Foto: Omrop Fryslân

Myneke ter Maat fan de Feanster erotykwinkel fertelt wat der dien wurdt op Wrâld Fetish-dei

(advertinsje)
(advertinsje)