Studinten meitsje har op foar NK foar beroppen yn Ljouwert

17 jan 2020 - 21:20

Wa is de talintfolste bakker, kapper of mitseler fan Nederlân? Om dat út te finen sille mbû-studinten út it hiele lân de striid oangean yn Skills the Finals. Fan 4 oant en mei 6 maart wurdt der yn it WTC Expo yn Ljouwert troch sa'n tûzen studinten striden om de Nederlânske titel.

Kok Ruben van Zanten fertsjintwurdiget syn skoalle Friese Poort en moat it yn de finale opnimme tsjin sân oare finalisten út hiel Nederlân. Trije dagen lang sil er ferskate gerjochten klearmeitsje. Ruben rint staazje en wurket by restaurant 't Havenmantsje yn Harns, dat tongersdei útroppen waard ta bêste learbedriuw fan Nederlân yn de hoareka.

Skills the Finals hat as doel om de praktykberoppen oantreklikker te meitsjen foar nije studinten yn it middelber beropsûnderwiis. Dit jier wurdt it foar de fyfde kear holden.

(advertinsje)
(advertinsje)