Twa Drachtster jonges (13) oanholden foar driigjen mei baltsjepistoal

17 jan 2020 - 20:36

De plysje hat bekend makke dat sy twa 13-jierrige jonges fan Drachten oanholden hawwe. De jonges binne oppakt om't sy moandei trije jongeren bedrige hawwe mei in baltsjepistoal dat op in echt fjoerwapen like. De twa jonges fan 13 jier âld woene jild, mar hawwe dat net krigen fan de slachtoffers.

Baltsjepistoal - Foto: Johnny Magnusson

It pistoal is troch de plysje by de jonges thús fûn en yn beslach nommen. De minderjierrige jonges binne fanwege de strjitrôf foarlieden foar de rjochter-kommissaris. De jonges binne yntusken wer frij ûnder betingsten, mar bliuwe wol fertochten.

Trefwurden: 
plysje Drachten strjitrôf
(advertinsje)
(advertinsje)