Nemanja Mihajlovic fan SC Hearrenfean nei Poalske Arka Gdynia

17 jan 2020 - 20:28

Nemanja Mihajlovic giet direkt fuort by SC Hearrenfean. De 23-jierrige bûtenspiler makket in transfer nei Arka Gdynia, dat útkomt yn de heechste Poalske difyzje.

Foto: Orange Pictures

De Serviër stie sûnt 2017 ûnder kontrakt yn Fryslân en kaam deryn ta 29 wedstriden. Hy skoarde trije kear.

Mihajlovic kaam dit seizoen al net mear yn aksje foar SC Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)