Jordy Bruijn yn de spits by SC Hearrenfean tsjin Feyenoord

Jens Odgaard en de nije oanwinst Runar Espejord binne noch altiten blessearre by SC Hearrenfean en dêrom wie it de grutte fraach wa't der tsjin Feyenoord yn de punt fan de oanfal stean soe. Johnny Jansen makket oan alle ûndúdlikens in ein: "Daar staat Jordy Bruijn."
Johnny Jansen
Bruijn is fan orizjine middenfjilder, mar is op ferskate posysjes ynsetber. Sa hat hy dit seizoen ek al as linksbûten spile. Sneon makket hy yn De Kuip syn debút as djipste spits. "Ik kan niet alles, maar op het veld bijna wel. Als de trainer een probleem heeft kan hij mij altijd opstellen", sa seit Bruijn.
Bruijn hat twa kear earder yn de spits stean: by it trainingskamp tsjin Llagostera en ôfrûne wike yn de oefenwedstriid tsjin Heracles Almelo (2-3 winst). Hy skoarde yn dy lêste wedstriid ien kear.

"Linkmiegel"

Jansen hie ferskate opsjes, want ek Alen Halilovic en Chidera Ejuke kinne yn de punt fan de oanfal spylje. Mar Jansen hâldt Ejuke it leafst oan de sydkant en jout de foarkar oan Bruijn boppe Halilovic.
Als Jordy zaterdag drie keer scoort, krijgt hij rugnummer negen.
Trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean
"Jordy is een echte linkmiegel in de spits, Hij is agressief in de 16 en is een jongen die gewoon goed kan voetballen. Alen is een type dat graag wat verder uitzakt en dan daar aan de bal komt en dan mensen van daaruit bedienen. Maar ik verwacht dat de ruimtes klein zullen zijn en we wat dat betreft meer aan Jordy zullen hebben", seit Jansen. "Als hij zaterdag drie keer scoort, dan krijgt hij rugnummer negen", laket de trainer.
Argyffoto Jordy Bruijn © www.orange-pictures.nl

Odgaard en Espejord

Jens Odgaard hat dizze wike yndividueel op it fjild traind en sil nije wike foar in part wer mei de groep meitraine. Espejord hat dat dizze wike al dien en sit sneon tsjin Feyenoord oan de kant. "Espejord zit tegen Feyenoord wel op de bank. Hij heeft de afgelopen dagen weer meegetraind en stapje voor stapje gaat dat beter. Hij is bijna weer pijnvrij. Het zou zo maar zo kunnen, dat beide spelers er volgende week weer bij zijn."

Transferperioade

It is de ferwachting dat technysk manager Gerry Hamstra noch wol wat dwaan sil op de transfermerk. Oant no ta is Hearrenfean twa bûtenspilers kwytrekke. Anders Dreyer is nei FC Midtjylland ta gien en Nemanja Mihajlovic is nei alle gedachten op wei nei Poalen. De flopte fleugeloanfaller stiet yn de belangstelling fan Arka Gdynia.
Dochs hoecht der fan Jansen gjin nije bûtenspiler by. "Met Arjen van der Heide hebben we één echte buitenspeler in huis. Jordy (Bruijn; red.) kan op links spelen en Alen (Halilovic; red.) kan eventueel aan de rechterkant staan. Dus we kunnen het intern oplossen."
Foar ferdigener Andreas Skovgaard wurdt ek nei in oplossing sjoen. De Deen hat noch gjin minút spile yn Fryslân en slút in weromkear nei syn heitelân net út. "Ik verwacht in januari een nieuwe club te vinden. Er hebben gesprekken met bepaalde clubs plaatsgevonden", sa seit Skovgaard tsjin it Deenske fuotbaltydskrift Tipsbladet.
De wedstriid Feyenoord - SC Hearrenfean set om 19.45 oere útein en is live te folgjen fia Omrop Fryslân Radio, mei Arjen de Boer as kommentator.
Ferwachte opstelling: Hahn, Van Rhijn, Dresevic, Botman, Woudenberg, Faik, Veerman, Kongolo, Van Bergen, Bruijn, Ejuke.