Anton Pieters (PvdA): "ELP is de grutste opposysjepartij yn de koälysje"

Fraksjefoarsitter Anton Pieters fan de PvdA yn Smellingerlân sei yn It Polytburo dat hy sa net in oplossing sjocht foar de bestjoerskrisis yn syn gemeente. De PvdA stapte tiisdei út it kolleezje en wol net gearwurkje mei kolleezjepartner ELP (Eerste Lokale Partij). Yn twa jier tiid binne der trije wethâlders opstapt. SP-riedslid Jos van der Horst sei earder dat Smellingerlân ûnbestjoerber is. "Ik moat Jos wol gelyk jaan," seit Pieters.
"It giet need yn ús gemeente, der is wol wat oan de hân. Wy hawwe in koälysje mei de ELP en dat giet net dat it slydjaget, der binne problemen," seit Anton Pieters.

'ELP grutste opposysjepartij'

Neffens Pieters komt it der op del dat de ELP de grutste 'opposysjepartij' is. "Dat is wat ik faak by fraksjefoarsitter Yntze de Vries del lein haw: hâld op om opposysje binnen de koälysje te boartsjen. It wurket net op dizze wize. Dan jout er dat wol ta, mar in wike letter is it wer mis." De Vries is wol de ferbitene hûn. "Eins wol. De oaren komme ek net echt nei foaren. Hy is dé man."

Wantrouwen en plakferfangende skamte

Wantrouwen, dat is wat Pieters oanbelanget wat der oan de hân is. "Der binne koälysje-oerlizzen en dêr wurdt it kolleezje op it matsje roppen. Sy moatte hast bûgje. Ik sit dêr dan mei plakferfangende skamte."
Pieters jout oan Yntze de Vries faak warskôge te hawwen. "Je moatte oerlis hawwe mei de wethâlders en se net foar skut sette yn de riedsgearkomsten. Der binne dingen dat ik tink: hoe krijst it yn de holle. Bygelyks in petear oer it fleanfjild. Hy stelt fragen oan besikers en dêr ynsinuerret hy hieltyd dat Robert Bakker syn wurk net goed dien hat, syn eigen wethâlder."

Kwestje Lawei inkeld de drip

De kwestje om de Lawei hinne wie de drip dêr't de amer fan oerrint. De ELP woe sels ûndersyk dwaan nei subsydzje foar teäter De Lawei yn Drachten. En dat wylst it kolleezje dat eins al dwaan soe. "Dat skeat by my wol ferkeard. Wy hawwe op 3 jannewaris binnen de koälysje it betrouwen nei inoar útsprutsen. Mar der sit wantrouwen by de ELP en sy sitte kontinu it kolleezje op de nekke. Ek de eigen wethâlders. It giet net oer de Lawei, it giet oer betrouwen."

En hoe fierder?

Der binne noch twa partijen mei fjouwer sitten dy't oerbliuwe: ChristenUnie en CDA. Sy hawwe oanjûn net werom te kommen yn it kolleezje. "Dat fyn ik te priizgjen," seit Pieters. Mar hoe moat it no fierder? "Wy hawwe ús beslút nommen en it is no oan boargemaster Rijpstra. Wy wolle ek net dat de gemeente stil lizzen bliuwt." In minderheidskolleezje soe kinne. "As de ELP, GrienLinks, FNP en VVD it oan doare, myn seine hawwe se. Dan moat der sjoen wurde nei wat der oer bliuwt. Yntze sit dan net mear yn de ried mar bestjoert it fan syn húskeamer út, by wize fan sprekken," seit Pieters.
Tiisdei sil der yn de gemeenteried sprutsen wurde oer de situaasje. Ton Baas is oansteld om foar 7 febrewaris in oplossing te betinken foar de krisis.