Kommando fleanbasis Ljouwert oerdroegen oan Henk Doorten

De fleanbasis Ljouwert hat in nije kommandant. Henk Doorten naam freed nei in koarte seremoanje it kommando oer fan Arnoud Stallmann, dy't nei it ministearje fan Definsje yn Den Haag giet.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Doorten wol it belied fan syn foargonger trochsette. Benammen as it giet om it kontakt mei omwenners oer ûnder oare fergriening en de oerlêst fan de fleantugen.
Ien fan de saken dy't de nije kommandant berikke wol, is fleanbasis Ljouwert fierder ferduorsumje en dêryn de gearwurking sykje mei de omwenners. Ek wol er de gearwurking mei skoallen en opliedingen fierder útwurkje.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei de nije kommandant Henk Doorten
Arnoud Stallmann hat mei pine yn it hert ôfskied nommen fan it personiel op fleanbasis Ljouwert, sa lit er fia Twitter witte.