FIDEO: De lêste ôflevering fan Bear Boeloe

17 jan 2020 - 19:06

It is safier, freedtejûn is de alderlêste ôflevering fan Bear Boeloe útstjoerd. De bekendste bear fan Fryslân swaaide foar de lêste kear nei it Fryske publyk. Snein waard dúdlik dat it populêre berneprogramma fan Omrop Fryslân nei 25 jier ophâldt. En dat betsjut ôfskied nimme foar de makkers fan it programma, mar ek foar Bear Boeloe sels.

Bear Boeloe sil net hielendal út de programmearring ferdwine by Omrop Fryslân. Sa is hy mei syn freonen noch te sjen yn it berneprogramma Sokkebalje en binne de útstjoeringen online werom te sjen fia Omropfryslan.nl en Skoal.tv.

Sjoch hjirûnder de lêste ôflevering fan Bear Boeloe:

Trefwurden: 
Omrop Fryslân Bear Boeloe
(advertinsje)
(advertinsje)