Boalserter kuorbalcoach hat mooglik twadde slachtoffer makke

17 jan 2020 - 17:53

De 34-jierrige kuorbalcoach fan Boalsert dy't begjin oktober oanhâlden waard op fertinking fan besit fan berneporno en ûntucht mei in minderjierrige, hat mooglik in twadde slachtoffer makke. Dat makke it Iepenbier Ministearje freed bekend.

Foto: www.orange-pictures.nl

De man waard yn oktober oanhâlden. It nijs wie in grutte skok foar guon minsken. De fertochte wie kuorbalcoach fan in junioareteam fan kv Westergo yn Boalsert en hy joech les oan de Sint Michaëlskoalle yn Harns. Der binne lykwols gjin oanwizings dat hy ûntucht plege hat op de skoalle of de kuorbalklup.

De man stiet neffens advokaat Bart Canoy iepen foar behanneling. De Boalserter soe lêst hawwe fan in psychyske fersteuring yn de foarm fan pedofily. Canoy: "De stoornis kan niet behandeld worden, maar de drang om het te doen is te behandelen."

Reklassearring

De rjochtbank bepaalde dat de Boalserter foarearst fêstsitten bliuwt. De rjochtbank wachtet op it advys fan de reklassearring foar it beslút oft de man dêrnei noch langer fêstsitten bliuwt. Nei alle gedachten komt de reklassearring ein jannewaris mei in rapport.

De fertochte seit dat er yn de moannen dat er fêstsiet in soad stress hân hat. Hy seit sels dat der gjin liiflik kontakt west hat tusken him en it slachtoffer. De ynhâldlike behanneling fan de saak stiet pland op 16 april.

Trefwurden: 
Boalsert ûntucht sedesaak
(advertinsje)
(advertinsje)