Tolken hâlde eigen Kneppelfreed-aksje by gerjochtsgebou Ljouwert

17 jan 2020 - 17:33

Goed 1.500 selsstannige tolken yn hiel it lân hawwe dizze wike aksjefierd. Se binne lulk oer de plannen 'Tolken in de Toekomst', fan it ministearje fan Justysje en Feiligens. Freed sleaten se harren aksje ôf by it Ljouwerter gerjochtshôf.

Rjochtbanktolken namen ôfrûne wike gijn wurk oan fan justysje, plysje en de Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjinst. Doel wie om de rjochtspraak en asylbrânsj foar ûnbepaalde tiid stil te lizzen. De tolken binne lulk oer de plannen 'Tolken in de Toekomst', fan it ministearje fan Justysje en Feiligens. Dat wol it nasjonale Register van Beëdigde Tolken en Vertalers iepenstelle foar tolken mei in leger taalbehearskingsnivo as no noch wetlik fereaske.

Neffens de tolken is dat yn striid mei Europeeske rjochtlinen, om't yn dat gefal net in earlik proses garandearre wurde kin foar fertochten. De tolken easkje dat de minister allinnich tolken ta it register talit dy't foldogge oant it hjoeddeiske wetlik fereaske taalbehearsingsnivo.

Sa'n tritich tolken fierden freed aksje by it Ljouwerter gerjochtshôf - Foto: Omrop Fryslân

Ammerins Moss-de Boer

Dêrneist wolle de tolken in hegere fergoeding foar harren tsjinsten. De wetlike tariven binne yn de ôfrûne jierren nammentlik net feroare. "Tolken wurkje noch foar in salaris út 1981 en de oersetters foar in salaris út 1963", seit oersetter Ammerins Moss-de Boer fan Bitgummole. "De yndeksearring is ús totaal foarby gien. En it oertaryf giet aansten noch mear omleech, dus der binne skylk gjin tolken mear oer dy't foar dat salaris wurkje wolle. Yn elts gefal gjin goede."

Monopoaljeposysje

It ministearje hat as iennichste opdrachtjouwer yn har domein in monopoaljeposysje. Dêrtroch hat sy de macht om te bepalen hoe heech de fergoedings foar de tolken binne. De tolken easkje as opdrachtnimmers in gelykweardiger posysje mei genôch romte om te ûnderhanneljen oer tariven.

Poalske tolken

Net alle tolken hawwe dizze wike harren wurk dellein, om't se freelancer binne en de ynkomsten net misse kinne. Mar neffens Moss-de Boer hawwe de rjochtbanken absolút wat fernaam fan de protestaksje.

"Alle Poalske tolken wiene ôfwêzich dizze wike. Der waarden sels al Poalske advokaten belle en frege oft se asjebleaft nei de rjochtbank komme koene om te tolken." Dat wegeren se. "Die advocaten zijn onze helden, die begrijpen heel goed wat er op het spel staat", fertelt tolk Poalsk Jan van Steenbergen. "Het gaat om de toekomst van de rechtbanktolk."

De aksjefierende tolken kamen út hiel Nederlân - Foto: Omrop Fryslân

Ek yn Fryslân is it probleem fielber. Der is mar ien beëdige tolk Frysk: Fedde Dijkstra fan Wurdum. As hy útfalt, kinne der gjin rjochtsaken yn it Frysk mear dien wurde.

De rjochtbank Noard-Nederlân lit yn in reaksje witte dat de oerlêst troch de aksje dizze wike beheind wie. Allinnich yn de stêd Grins koe in sitting net trochgean, om't der gjin tolk beskikber wie. Ek it gerjochtshôf Ljouwert-Arnhem seit dat de oerlêst troch de aksje fan de tolken tafoel.

Kneppelfreed

De aksje waard freedtemiddei ôfsletten troch in ferklearring fan Moss-de Boer yn it Frysk. Sy lei yn har ferhaal ek in link mei de Kneppelfreed-aksje yn 1951. Doe waarden trije manlju, dy't foar de rjochtbank ferskine moasten, op misledigjende wize behannele troch de rjochter, doe't sy oanjoegen har memmetaal sprekke te wollen. "Op 'e nij stride wy, út namme fan ús kliïnten, foar it rjocht om foar de rjochter de memmetaal te praten."

Tolken Ammerins Moss en Jan van Steenbergen

De aksje hat der yn alle gefallen ta laat dat de posysje fan de tolken op de politike aginda stiet. In stjoergroep, dêr't Frysk tolk Fedde Dijkstra ek lid fan is, sil nije wike yn Den Haag oerlizze mei de keamerkommisje oer de posysje en de beleanning fan de rjochtbanktolk.

(advertinsje)
(advertinsje)