Wieteke van Dort en Frank Groothof oer de útfeart fan Aart Staartjes

17 jan 2020 - 17:23

Akteur en telefyzjemakker Aart Staartjes (1938-2020) is freed begroeven yn Dronryp. Der wiene sa'n hûndert minsken by. Njonken famylje en bekenden wie der ek in oantal bekende minsken by dy't mei Staartjes wurke hat. Akteurs Wieteke van Dort en Frank Groothof fûnen it in moaie tsjinst en uteren harren wurdearring oer Staartjes.

By de tsjinst wiene ûnder oaren Renée Menschaar ('Pino'), Hakim Traïdia, Theo Maassen en Staartjes syn bêste freon Bert Plagman ('Tommie').

Aktrise en sjongster Wieteke van Dort fertelt hoe't sy de begraffenis fan Aart Staartjes belibbe hat. "Tommie uit Sesamstraat (Bert Plagman, red.) hield een toespraak en er waren kinderen die dingen zeiden. Iedereen houdt natuurlijk veel van Aart." Sy is der ek wiis mei dat Staartjes yn Dronryp begroeven is. "Het is hier zo'n schattig dorp, met een mooie kerk. Ik denk dat hij veel van Dronryp hield. Kijk hoe dat graf er uit ziet, overladen met bloemen."

"Hij zorgde als een vader voor ons"

Van Dort sil Staartjes tige misse. "Iedereen was dol op hem. Het was een fantastische man. Hij was ook heel lief en zorgde als een vader voor ons. Als een serie afgelopen was, J.J. de Bom bijvoorbeeld, dan zei hij: "Wiet, niet bij de telefoon gaan zitten wachten. Ga bellen, ga er zelf achteraan, ga dingen verzinnen. Dat heb ik ook altijd gedaan. Het was zo'n lieverd."

"Hij heeft zóveel gedaan, onvoorstelbaar"

Sy is ek te sprekken oer wat hy allegear makke hat yn syn lange wurksume libben. "Hij heeft natuurlijk fantastische dingen gedaan voor de nationale televisie. Ik heb natuurlijk aan een heleboel kinderprogramma's meegedaan. Maar hij heeft een hele mooie serie gemaakt over Molukkers, een mooie serie Harry zoekt Werkt en Oorlogswinter als eerste geregisseerd en gefilmd. Hij heeft zóveel gedaan, onvoorstelbaar."

Wieteke van Dort (1943) is aktrise en sjongster. Fan 1972 ôf wurke sy mei Staartjes en Joost Prinsen yn De Stratemakeropzeeshow. Dêr spile sy de deftige dame. Dêrnei spile sy yn de opfolger fan it programma, J.J. de Bom voorheen De Kindervriend, tusken 1979 en 1981 de rol fan Titia Konijn. Ek yn it telefyzjeprogramma Het Klokhuis wie Van Dort fan 1988 ôf belutsen by Aart Staartjes.

"Het was een hele mooie dienst, met herinneringen wat voor mooi mens Aart is geweest, hoeveel lol hij altijd in z'n werk heeft gehad en hoeveel lol we altijd samen hebben gehad in Sesamstraat en Klokhuis," seit akteur Frank Groothof nei de tsjinst.

"Veel betekend voor de Nederlandse televisie"

De útfeart hat him rekke, seit er. "De mensen die gesproken hebben, de kinderen van hem. Er werden filmpjes vertoond. Het was mooi en goed om zo afscheid van hem te nemen. Een bijzonder mens. Veel betekend voor de Nederlandse televisie voor kinderen."

Frank Groothof (1947) wurke fan 1983 oant en mei 2018 mei Staartjes foar Sesamstraat. It grutte publyk kent Groothof ek benammen as 'Frank' fan dit berneprogramma. Ek hat hy jierren meispile yn Het Klokhuis, fan it begjin fan it programma yn 1988 ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)