Auto knalt tsjin pylder foar hiem njonken Ferwert

17 jan 2020 - 16:59

Yn Ferwert is freed in auto tsjin in pylder foar in hiem botst. Dat barde oan de Hegebeintumerdyk, tusken Ferwert en Hegebeintum. It gie om in iensidige oanriding.

Foto: AS Media

De auto hat in flinke knal makke. De bestjoerder fan de auto is troch in ambulânse nei it sikehûs brocht. It is net bekend hoe't it mei de persoan is en hoe't it ûngelok krekt barre koe.

(advertinsje)
(advertinsje)