De Fryske Marren pakt de Haulsterwei troch Haskerhoarne oan

De Fryske Marren wol ynkoarten úteinsette mei it oanpakken fan de Haulsterwei troch it doarp Haskerhoarne. De gemeente hat al in ûntwerp makke foar de dyk troch de beboude kom. Om't der gjin ekstra ferkear mear troch it doarp komt no't it knoopunt by De Jouwer klear is, kin de dyk troch it doarp ferbettere wurde.
De krusing fan de Jousterwei mei de Haulsterwei © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Ferline jier binne der al ynringearkomsten holden troch de gemeente en Doarpsbelang Haskerhoarne. Ut dizze petearen is in foarriedich ûntwerp makke. Neffens de gemeente hawwe ynwenners benammen klachten ynbrocht oer de minne steat fan de trottoirs en de rydbaan. Ek wiene der oanmerkingen oer wetteroerlêst, beammen en de rydsnelheid yn it doarp.

Beboude kom

It ûntwerp leit noch oant 27 jannewaris op ynsjen. Dy dei is der noch in gearkomste yn doarpshûs 't Trefpunt. Der wiene al ferskate oanliedingen foar in opknapbeurt. De trottoirs binne yn minne steat, it grien freget ûnderhâld en it krúspunt freget in oare ynrjochting. It giet inkeld oer it stik tusken de krusing mei de Jousterwei oant it komboerd oan de súdkant fan it doarp.
© Gemeente De Fryske Marren