Sel easke foar mishanneling befeiliger op Oldtimer Festival

17 jan 2020 - 16:34

Tsjin in man út Lippenhuzen is in jier sel easke, omdat er ferline jier op it Oldtimer Festival yn Hoarnstersweach in befeiliger mishannele ha soe. Tsjûgen ha sjoen dat de 39-jierrige fertochte de befeiliger meardere kearen tsjin de holle skopt hat.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It slachtoffer woe de man nei bûten begeliede, omdat er ferfelend wie. De fertochte kin him der neat mear fan heuge. Hy hie in hiel soad dronken, tusken de 20 en 35 bierkes skatte er sels.

De befeiliger easket sawat 12.000 euro skeafergoeding fan de fertochte. De man hat in heal jier net wurkje kinnen. Hy hie kniesde ribben en in brutsen hân.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)