Seis oanhâldingen op fjouwer plakken yn Fryslân fanwege himpteelt

17 jan 2020 - 16:24

De plysje hat woansdei fiif persoanen oanhâlden yn in ûndersyk nei organisearre himpteelt yn Fryslân. Tongersdei waard der in sechsde persoan arrestearre. De arrestaasjes fûnen plak op It Hearrenfean, yn Ljouwert, Boalsert en yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Foto: Pixabay

By de aksje binne twa wenten yn Ljouwert en Noardeast-Fryslân, in bedriuwspân yn Boalsert en in growshop op It Hearrenfean trochsocht. Der waarden ûnder oare trije himpkwekerijen mei yn totaal sa'n 1.100 plantsjes en goed 14.000 euro yn kontanten oantroffen.

By de growshop binne in 53-jierrige man fan De Lemmer, in 45-jierrige man fan Hardenberg en in 41-jierrige man fan It Hearrenfean oanhâlden. Tongersdei waard der ek noch in 24-jierrige man fan Ljouwert oppakt. By in wente yn Noardeast-Fryslân waarden in 73-jierrige man en in 63-jierrige frou oanhâlden. Ut ûndersyk moat bliken dwaan wat harren rol yn de saak west hat.

Strjitwearde fan 100.000 euro

Der is allerhande guod yn beslach naam, mei in strjitwearde fan 100.000 euro. By de wenten en it bedriuwspân waard de stroom ôftape. Ek is der bewiismateriaal lykas boekhâlding, telefoans en administraasje meinaam foar ûndersyk.

Trefwurden: 
himpteelt arrestaasje
(advertinsje)
(advertinsje)