Azc'ers fan Sint-Anne stekke de hannen út de mouwen yn 'Voedselbos'

In entûsjaste groep frijwilligers stekt oant en mei moandei de hannen út de mouwen yn de Ljouwerter Bosk. Dat binne net samar frijwilligers, mar statushâlders út it azc yn Sint-Anne. Dizze minsken wolle graach wat dwaan foar de mienskip. Dêrom binne sy ûnder begelieding dwaande om 'Het Voedselbos' te snoeien.
© Lemke Statema, Natuurfaam
Dat Voedselbos is in gebiet fan goed twa bunder oan de noardkant fan de stêd, yn de Ljouwerter Bosk. Trije jier lyn is it oanlein mei it doel dat minsken der allerhanne fruchten weihelje kinne: appels, parren, prommen, nuten en krûden. Mar nei trije jier binne parten fan de bosk ferwyldere, benammen de toarnbeien. Sa kinne oaren planten net mear goed groeie.

'Natuurwerkdagen'

Dêrom leit der tusken 16 en 20 jannewaris ûnderhâld yn de planning, mei de saneamde 'Natuurwerdagen.' De groep út it azc fan Sint-Anne helpt dêrby, ûnder begeleiding fan Lemke Statema fan Natuurfaam. Neffens Statema wolle de statushâlders graach wat betsjutte foar Fryslân en non-profit organisaasjes yn de omjouwing. Nettsjinsteande it minne waar is de groep is noch oant en mei moandei warber yn de bosk.
© Lemke Statema, Natuurfaam