Ljouwert hellet thúswurksysteem offline, ek oare gemeenten ôfsletten

Hieltyd mear Fryske ynstânsjes helje harren thúswurksysteem offline. De gemeente Ljouwert hat niiskrekt dy saneamde Citrix-servers tichtset, fanwegen de mooglike feilichheidsrisiko's.
© ANP
Om't ek in soad oare ynstânsjes it systeem fan Ljouwert brûke, kin der bygelyks ek yn Noardeast-Fryslân, Waadhoeke en op de Waadeilannen net langer thús ynlogd wurde.
De gemeente hat it systeem op advys fan it Nationaal Cyber Security Centrum offline helle. Oanlieding wie de cyberoanfal op de digitale systemen fan sikehûs MCL, earder dizze wike. De Citrix-servers bliuwe yn elts gefal oant kommende moandei ynaktyf; op dy dei wurdt in befeiligingsupdate fan it systeem ferwachte.

Gefolgen beheind

De gefolgen fan it útsetten fan it thúswurksysteem binne neffens de gemeente beheind, en de tsjinstferliening kin gewoan trochgean.
De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel skeakelen freedtemoarn al de Citrix-server foar kompjûtersystemen fan guon eigen eksterne lokaasjes út.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie op it gemeentehûs fan Ljouwert