Aart Staartjes begroeven yn syn wenplak Dronryp

17 jan 2020 - 14:43

Aart Staartjes is freed yn syn wenplak Dronryp begroeven. De 81-jierrige akteur is snein ferstoarn, troch de gefolgen fan in ûngelok mei in brommobyl yn Ljouwert.

Tongersdei stie MFC D'Ald Skoalle yn Dronryp iepen foar minsken dy't noch in lêste berjochtsje of oantinken oan Aart Staartjes efter litte woene. It kondoleânsjeregister waard fol skreaun mei oantinkens of in wurd fan treast troch alle mooglike generaasjes dy't opgroeid binne mei 'Meneer Aart'.

Trefwurden: 
Aart Staartjes begraffenis
(advertinsje)
(advertinsje)