Wetterskip: better plak foar baggerdepot by Raard is net foarhannen

It plak dêr't de twa baggerdepots fan Wetterskip Fryslân by Raard komme is net ideaal, mar wol de bêste opsje. Dat seit it wetterskip yn reaksje op soargen fan de fûgelwacht yn Raard. Dy is lilk om't de twa depots ticht op greidefûgelgebieten komme, wylst dêr nei jierren einliks wer spantsjes skriezen sitte.
De oanlis fan in baggerdepot © Thom Feddema, Fûgelwacht Raard-Brantgum
De fûgelwacht is benaud dat dy skriezen no fersteurd wurde sille. Jan van Weperen, deistich bestjoerder fan Wetterskip Fryslân, begrypt dy soargen. "Ze hebben de laatste tien jaar met heel veel inspanning ervoor gezorgd dat er weidevogelactiviteit is. Dan verstoort zo'n baggerdepot dat, dat kunnen wij ook niet ontkennen."
De depots lizze der sa'n twa jier lang en binne nedich foar it baggerjen fan de Raarder Feart en de Holwerter Feart.

'Gjin better plak'

Dochs kin net net oars, neffens Van Weperen. "Die bagger moet afgevoerd worden, dan zoeken we een plek in de nabijheid van die vaart. Dan is er zo weinig mogelijk beweging nodig om de bagger af te voeren."
Thom Feddema fan de fûgelwacht Raard-Brantgum seit dat nei ekologysk ûndersyk in negatyf advys foar dizze lokaasje jûn is. Mar Van Weperen seit dat der gjin better plak foarhannen is: "We hebben erg goed gekeken naar alternatieven in de buurt. We hebben gekozen voor de minst slechte optie, echt gezocht naar percelen die het minst kwaad doen. En we doen wat we kunnen om de weidevogelactiviteit zo min mogelijk te verstoren."

Letter wer oantreklik foar fûgels

"Met grondeigenaren is de afspraak gemaakt dat wanneer het depot niet meer nodig is, en het weer als landbouwgrond weer gebruikt kan worden, dat de Vogelbescherming met ze bekijkt hoe het zo aantrekkelijk mogelijk wordt gemaakt voor de weidevogels."
Jan van Weperen