"Nederlandse vlag in de Friese statenzaal? Dat is een teken van Haagse dominantie!"

De Steatefraksje fan Forum voor Democratie fynt dat de Nederlânske flagge yn de Fryske steateseal stean moat. Krekt as yn de Twadde Keamer dus. Dêr wie op de freedsmerk yn Ljouwert net elkenien it mei iens: "Een Nederlandse vlag in de Friese statenzaal? Dat is een teken van Haagse dominantie, dat moet je toch niet willen?"
© Omrop Fryslân, René Koster
PVV en 50PLUS stypje dat foarstel dat takom wike by moasje yntsjinne wurdt. Idee derefter is om de Nederlânske ienheid út te strielen. "Wat in flauwekul is dat. We binne hielendal gjin ienheid, mar allegear yndividuen die regearre wurde troch in stel boefkes!"

"Dan allebeide"

Oaren snapten it wol: "De flagge is in part fan ús identiteit. Dat jildt foar de Fryske én de Nederlânske flagge. Om my hoecht der gjin flagge te stean, mar as it moat, dan allebeide."
Ien fan keaplju neamde yn dit ferbân ek de bomberjacks dy't in skoftsje populêr wiene. "Dêr moast dan ek sa'n Nederlânsk flachje by op 'e mouwe. Dêr siet ek wol wat it idee fan 'white power' efter." In tsjinoerstelde reaksje hearden we ek: "Ik vind dat de vlag ons juist verbindt en niemand uitsluit. Maar zo kijk ik ertegen aan, hè".
Reaksjes op de freedsmerk: moat de Nederlânske flagge yn de steateseal?