MCL hâldt systemen foarearst útskeakele nei cyberoanfal

17 jan 2020 - 12:46

It MCL yn Ljouwert start syn systemen foarearst noch net wer op. Dat seit in wurdfierder fan it sikehûs. It MCL lei woansdei it dataferkear stil nei in cyberoanfal op de digitale systemen.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It stillizzen fan it dataferkear betsjut dat pasjinten thús net by harren elektroanysk pasjintedossier kinne, dat it dataferkear nei oare sikehuzen ûnderbrutsen is en dat meiwurkers thús net ynlogge kinne op de saneamde Citrix-servers. Yn desimber waard dúdlik dat dat systeem kwetsber wie foar oanfallen, mar it MCL wie dêr net foar warskôge.

Gjin gegevens bútmakke

In team fan it MCL en fan bûtenôf hat de ôfrûne dagen it systeem ûndersocht. Dêrby is fêststeld dat de ferantwurdliken foar de cyberoanfal gjin gegevens bútmakke hawwe. "Er is afgelopen dagen heel uitgebreid onderzoek gedaan en dat heeft uitgewezen dat vreemdelingen niet op een of andere manier zijn doorgedrongen tot onze systemen", seit Gerard Akkerman fan it MCL. Dat betsjut dat de gegevens fan pasjinten en meiwurkers feilich binne, neffens Akkerman.

Hy seit dat it nei alle gedachten om grutte masinale oanfallen giet, wêrby't hackers besykje fia gatten yn it systeem binnen te dringen. Wat de hackers krekt woene is noch net dúdlik. Mooglik besochten se it systeem oer te nimnen, sadat se it MCL sjantearje koene. It is noch net dúdilk wêr't de oanfal weikomt.

Net folslein feilich

It Nationaal Cyber Security Centrum seit dat it Citrix-systeem noch hieltyd net folslein feilich is. "Daarom hebben we besloten de systemen nog niet te openen, ook al zou dat technisch wel kunnen. Want we kunnen de veiligheid niet 100% garanderen. Maandag komen de eerste echte updates. Vanaf dat moment bepalen we of we de systemen echt open zetten."

Gerard Akkerman fan it MCL

Citrix is in systeem wêrmei't wurknimmers bygelyks thús ynlogge kinne op it systeem fan it wurk. It Amerikaanske bedriuw hat nei eigen sizzen 400.000 organisaasjes oer de hiele wrâld as klant. Dan giet it om bygelyks sikehûzen, bedriuwen, oerheidstsjinsten en universiteiten.

(advertinsje)
(advertinsje)