CDA Fryslân wol omtinken foar jonge makkers yn kulturele sektor

17 jan 2020 - 12:17

De CDA-steatefraksje wol yn it nije provinsjale kultuerbelied mear omtinken foar jonge makkers. Neffens de partij rinne de jonge makkers yn it foarstelde provinsjebelied it risiko om tusken wâl en skip te fallen by it takennen fan kultuerjild.

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

"Juist deze jonge makers zijn de aanzwengelaars van vernieuwing in onze mienskip en zij mogen gezien worden als een belangrijke stem van hun generatie", seit CDA-steatelid Wieke Wiersma. "Het CDA wil de provincie en de Friese gemeenten aansporen actief werk te maken van de facilitering van makersplekken of brûsplakken voor jonge makers."

De fraksje pleitet dêrneist foar it opsetten fan in Friese Cultuur Kaart. Dêrop kinne kultuermakkers dúdlik sjen wêr en hoe yn de provinsje, Fryske gemeenten, it Ryk en it bedriuwslibben subsydzje te krijen is. Fierder ropt de fraksje de provinsje op om tegearre mei gemeenten en it bedriuwslibben te ûndersykjen hoe't bûtenlânske bedriuwen keppele wurde kinne oan it Fryske kulturele oanbod.

Nij Poadium

De provinsje ynvestearret de kommende fjouwer jier 144 miljoen euro yn keunst, kultuer, taal, ûnderwiis en erfgoed. Dat stiet yn de kultuernota Nij Poadium, dy't woansdei troch provinsjale steaten behannele wurde sil.

Yn de perioade 2021 oant 2024 feroaret in soad foar kultureel Fryslân. Organisaasjes krije net mear fanselssprekkend in subsydzje. Sy moatte dêrfoar no eltse fjouwer jier in oanfraach dwaan. In spesjale kommisje beoardielet dêrnei oan de hân fan ferskate kritearia wa't de subsydzje krijt.

(advertinsje)
(advertinsje)