Klimaatdemonstraasje yn Ljouwert hat omtinken foar boskbrannen Australië

17 jan 2020 - 20:42

De beweging Fridays For Future Ljouwert hat freed demonstrearre yn de stêd om omtinken te freegjen foar it klimaat. Dat dogge se geregeld op freed. Oars is diskear dat se spesjaal omtinken joegen oan de boskbrannen yn Australië.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De groep sammele by it stasjon yn Ljouwert en rûn dêrwei nei it stânbyld fan it Frysk hynder yn de binnenstêd. Dêr waard in taspraak holden oer de boskbrannen. De organisaasje frege elkenien om in ljochtsje mei te nimmen, om sa sjen te litten dat se solidêr binne.

Yn stêden oer de hiele wrâld stiet de freed geregeld yn it ramt fan klimaatdemonstraasjes ûnder de namme Fridays For Future. Yn Ljouwert binne se sûnt oktober ferline jier ek aktyf.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by it klimaatprotest yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)