Into the Great Wide Open makket reis nei festival klimaatneutraal

Into the Great Wide Open sil fan dit jier ôf fiif euro fan eltse ferkochte tagongskaart brûke om de reis fan en nei it festival klimaatneutraler te meitsjen. Dêrmei is it keunst- en muzykfestival op Flylân it earste festival yn Europa wêrby't fossylfrij reizgjen by de priis yn sit. It festival redusearret syn ekologyske fuotprint mei 50 persint.
© Marleen Annema
Op elts ferkocht kaartsje sit in saneamde De Goede Reis-taslach. De fiif euro krije besikers werom yn de foarm fan koarting wannear't sy nei it festival reizgje.
It kompensearjen fan de útstjit fan alle auto's, motoaren en boatoertochten bart troch saneamde fuel replacement. Dêrby wurdt alle fossile brânstof fan de besikers ferfongen troch Blauwe Diesel. Dat is biobrânstof dy't makke wurdt fan plantaardige, brûkte itensiedersoalje, lykas frituerfet.
Dêrmei krije minsken dy't duorsum reizgje koarting as beleaning en betelje besikers dy't net duorsum reizgje kinne of wolle foar it fossylfrij meitsjen fan harren útstjit.
Neffens Tijl Couzij, projektlieder fan Lab Vlieland, jildt foar de measte festivals dat 50 oant 75 persint fan harren útstjit ûntstiet troch de reis fan besikers fan en nei it festival.
"We zien dat de maatschappelijke discussie zich op het moment vooral richt op de voetafdruk van reizende artiesten en dat is goed, maar we moeten niet vergeten dat de uitstoot van de bezoekersreizen velen malen groter is." Couzij hopet dat oare festivals it konsept oernimme sille.