Fjouwer Feansters betraapje persoan dy't stien troch autorút smyt

17 jan 2020 - 10:58

De plysje hat wer in persoan oanholden fanwege in fernieling op It Hearrenfean. De ôfrûne wiken binne der in soad stiennen troch ruten fan auto's en hûzen smiten. Yn de nacht fan tongersdei op freed betrapen ynwenners fan It Hearrenfean in persoan dy't ek in autorút fernielde.

Foto: Plysje Súdeast-Fryslân

Yn desimber gong it al oer sa'n fyftich fernielingen. Doe waarden ek al wat minsken oppakt, mar de fernielingen holden oan.

Minsken hâlde sels nachts in each yn it seil. In groepke fan fjouwer seach sa dat der yn de nacht fan tongersdei op freed dus ek wer in autorút fernield waard.

(advertinsje)
(advertinsje)