Gordykster docht oanfal op wrâldrekôr kloksimultaan damjen, tsjin 46 tagelyk

De Fryske topdammer Johan Teake Dekker fan De Gordyk sil op 25 april fan dit jier in oanfal dwaan op it offisjele wrâldrekôr kloksimultaan damjen. Hy spilet dan tsjin 46 tsjinstanners tagelyk. "Ik moat it no dwaan", seit Dekker. "Want ik bin no noch fit genôch."
© ANP
Dêrfoar hat Dekker 46 tsjinstanners fan in bepaalde ratingsterkte nedich. Tsjin dy tsjinstanners moat er dan 70% fan de partijen yn winst omsette. "Ik ha it ris earder dien, doe wie ik noch mar in jonkje. En it is altyd yn de achterholle hingjen bleaun: dat moat ik nochris dwaan."

"Dat moat ik ek kinne"

It wrâldrekôr stiet sûnt 30 desimber 2015 op namme fan Aleksandr Georgiejev. Yn de ôfrûne jierren is it wrâldrekôr wol faker oanfallen. "Ik tocht: dat moat ik ek kinne", seit Dekker. "It hat noch in skoftke yn de iiskast stien, mar ik ha der sin oan."
It wurdt net allinnich mentaal in útdaging, ek fysyk: "Ik moat dus tsjin 46 spilers tagelyk spylje, dat betsjut ek dat 46 klokken tagelyk rinne. Ik moat oeral sa gau as mooglik nei ta, want as myn twa oeren op de klok foarby binne, dan ha ik de partij ferlern. Ik moat in pear oeren achter elkoar rinne."

Warskôge

"Yn 2018 hat Gil Salomé yn Westerhaar it wrâldrekôr noch oanfallen, mar hy hat it doe net helle. Hy is fan sawat myn spylsterkte, dus ik bin warskôge." Dochs tinkt Dekker dat hy it wol oprêdt. "Mei myn tariedingen en myn kwaliteiten meitsje ik in reële kâns, tink ik. Oars hie ik it ek net besocht."
De kommende perioade sil Dekker him tariede. "Ik doch twa testeveneminten: by twa klups del om dêr frijbliuwend kloksimultaan te spyljen. Dan kin ik ek in bytsje leare wat handich is: wat wurket wol en wat net?"
Johan Teake Dekker