Kollum: "Us swarte goud"

17 jan 2020 - 08:27

"Ofrûne sneon koe ik noch krekt de finale fan de hynstekeuring op 'e telefyzje sjen, wylst ik dêr it ferline jier trije dagen west ha. Ik wie dêr om de sfear te priuwen yn ferbân mei myn nije boek, dus doe't ik it dizze kear thús seach, wist ik wol hoe't it WTC-Expo stiif stiet fan de spanning en emoasje oangeande ús swarte goud. Wat is it dochs mei dy hynders, dat se streekrjocht in wei fine nei ús hert?

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Wy hawwe sels ek in Fries, Mindert, en ik fiel my op in djipper nivo mei him ferbûn as as mei de oare hynders. Hy hat in sierlik foarkommen mar hy is beskieden, wiis en leaf en wol graach mei my wurkje. Dochs binne se net altyd sa rêstich as der wol sein wurdt. Mindert kin wol deeglik spanning opbouwe en is ek net in held yn frjemde situaasjes. Hy is it meast tefreden as alles syn normale gonkje giet en dêryn liket er in protte op syn baaske.

Fanút it keukensrút ha ik sicht op him en altyd as ik him sjoch, bin ik ûnder de yndruk. Hy is prachtich mei syn winterfacht en sa sacht. Mindert is ek hiel sosjaal. Hy komt altyd efkes by dy stean en jout ek wolris spontaan in tútsje. Foar in rún hat er bêst wol lange moannen en hy genietet altyd hiel bot as de sinne skynt. Dêr giet er echt foar stean, mei de eagen ticht en de mûle in eintsje iepen.

Soene Fryske hynders ús sa reitsje omdat se fierhinne itselde karakter ha as ús, frege ik my ôf. Wy Friezen steane ek bekend as betroubere en hurde wurkers, beskieden en sosjaal. Soene we ús werkenne yn it keninklike foarkommen fan dizze hynders en op sokke mominten tinke: 'Ja! Ik fiel my krekt sa sierlik en grutsk mar ik kin net sa moai drave mei myn bierbúk, hernia of lamme poat, dus nimmen dy't it sjocht.'

It Fryske hynder is fier bûten ús provinsjegrinzen ferneamd en sels Zorro rydt op ien. Mar bytiden ha ik wolris it idee dat it allinnich mar oer de hynsten giet en de merjes dêrtroch wat minder wichtich lykje. Dochs is dat net sa, want dy prachtige hynsten op de keuring soene der net wêze sûnder harren mem. Mar dêr't in hynst wol 100 neikommelingen yn 't jier produsearje kin, kin in merje dat fansels net.

Sy kin sels mar ien fôle yn 't jier krije en dêrnei moat se it grutbringe. Dat is in hiele wichtige perioade en dêrom fyn ik it wolris spitich dat we net safolle oer de memmen hearre. De keuring foar de merjes is yn 'e simmer, mar se wurde lang sa populêr net as de hynsten. Fierder frege ik my ûnder it sjen fan it kampioenskip ôf hoe fier oft it eins mei it stânbyld is dat op de Ofslútdyk komme soe, want dêr ha 'k al in skoft neat oer heard.

Myn hert soe in hiele grutte sprong meitsje, alle kearen as ik dêr lânsride soe. It Fryske hynder sit ferankere yn ús provinsje en ús DNA, mar is tagelyk ek wrâldferneamd. Ik hoopje fan herte dat it der komt, mar dan it leafste in hynst mei in merje én in fôle. In hynder heart net allinnich te stean en it soe ek in earbetoan oan de merjes wêze.

Us swarte goud mei in hert fan goud, grut en grutsk mar ek leaf en meigeand. Sa'n 3000 jier lyn huppelen ús foarâlden al op en mei dizze hynders yn it rûn en it is prachtich dat it noch sa is!"

(advertinsje)
(advertinsje)