Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen skeakelje út foarsoarch servers út

De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel ha de Citrix-server foar kompjûtersystemen fan guon eigen eksterne lokaasjes útskeakele. Dat ha se dien nei't dizze wike bekend waard dat hackers besochten yn te brekken by it sikehûs yn Ljouwert en de gemeente Zutphen. "It is in foarsoarchsmaatregel", seit boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel. "Want feilichheid giet boppe alles."
Gemeente Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It Nationaal Cyber Security Centrum (NCSC) fan it ministearje fan Justysje en Feilichheid advisearre tongersdei om de servers út foarsoarch út te skeakeljen, fanwegen in flater yn it systeem, dat dêrtroch kwetsber is foar hackers. De fout sit yn twa tsjinsten fan Citrix.
Citrix is in systeem wêrmei't wurknimmers bygelyks thús ynlogge kinne op it systeem fan it wurk. It Amerikaanske bedriuw hat nei eigen sizzen 400.000 organisaasjes oer de hiele wrâld as klant. Dan giet it om bygelyks sikehûzen, bedriuwen, oerheidstsjinsten en universiteiten.
It bedriuw Citrix ûntduts de flater yn it systeem sels yn desimber. Neffens de gemeenten komt der moandei in update, dy't de kwetsberheden oplosse moat. "We ha al twa kear maatregels troffen", seit Gebben. "In soart update fan it systeem. Mar no ha we te hearren krigen dat dat net genôch wie, net 100% wetterticht. Dus ha we tongersdeitejûn besletten om it no sa te dwaan."
We steane foar feilichheid en we wolle net dat oaren materiaal fan ús ynwenners ynsjen kinne.
Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel
"Us ynwenners sille fan de maatregel amper wat fernimme", seit Gebben. Foar de wurknimmers op guon eksterne lokaasjes leit it oars: sy kinne tydlik net ynlogge yn de server fan de gemeente. It giet bygelyks om de Maatschappelijke Onderneming Achtkarspelen Surhuisterveen, gebietsteams (Torentje Burgum, It Vleckehûs Surhústerfean) en it Energieloket Hurdegaryp. "It is ferfelend en ûnhandich foar ús meiwurkers. Mar we steane foar feilichheid en we wolle net dat oaren materiaal fan ús ynwenners ynsjen kinne."

Ynlogge op gemeentehûzen kin noch wol

Op de gemeentehûzen sels kin ynlogge noch wol. Ek de bûtentsjinsten en de swimbaden ha gjin lêst fan de maatregel.
Gebben tinkt der earst noch net oer nei om oer te stappen op in oar systeem. "Ik wit ek net watfoar oanbieders oft der krekt binne op dit mêd. Ik gean derfan út dat Citrix hiel gau in passende maatregel treft."
Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel