Opkomst Fryske boeren by Dútsk protest falt ôf: "Hiel teloarstellend"

17 jan 2020 - 07:21

It tal Fryske boeren dat freed nei Bremen ta sil om Dútske kollega's te stypjen, falt ôf. Dat fertelt Aukje Hoekstra fan de boere-aksjegroep Farmers Defence Force. Sels is se wol ûnderweis. "It is hiel teloarstellend, we hiene hope op folle mear. We wiene tink ik mei in stik as tsien yn Drachten."

Foto: ANP

Nei't de Fryske boeren har yn Drachten sammelen, binne se oer Grinslân nei Dútslân ta riden. Yntusken binne se wol mei in gruttere groep, neffens Hoekstra. "Ut Grins kamen der noch in stik as fjirtich by. En no binne we mei in enoarme groep, want we ride tusken de Dútske boeren."

Solidêr wêze

Yn Dútslân protestearje guon boeren tsjin it fosfaatbelied dêr. Dy diskusje hat yn Nederlân jierren lyn al oan de oarder west. Dat boeren út Nederlân wei freed yn Dútslân binne, is dus benammen út solidariteit, seit Hoekstra. "Sy ha ús by ús lêste protest ek stipe. Dus doe't se ús fregen om help by dizze aksje, binne we dêr direkt op ynsprong. Miskien moatte we noch wolris nei Brussel ta, dan dogge we dat ek tegearre."

No net oer de sneldyk

De boeren pakke diskear net de sneldiken. "We geane binnentroch", seit Hoekstra. "De Autobahn is te riskant." By ferskate protesten yn Nederlân ein 2019 rieden boeren wol oer de sneldiken, wat doe soarge foar grutte ferkearsopstoppingen troch it hiele lân.

Hoekstra wit noch net krekt wat der yn Bremen stiet te gebeuren. "Der binne ferskate sprekkers, mar we witte noch net presys hoe en wat. We parkearje bûten Bremen by it stasjon en dan rinne we der mei de hiele groep nei ta. We sille sjen hoe't it giet."

Aukje Hoekstra fan Farmers Defence Force

(advertinsje)
(advertinsje)