Plysje siket tsjûgen fan mishanneling by Ljouwerter stasjon

17 jan 2020 - 07:08

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling oardel wike lyn achter it stasjon yn Ljouwert. In jonge fan 17 krige it oan de stok mei acht of njoggen oare jonges en rekke ferwûne oan 'e holle.

It plysjeburo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de plysje kamen de jonges út de Hollanderwyk wei. De mishanneling wie yn de buert fan it tunneltsje fan de Hollanderwyk nei it stasjon. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha, oft se har melde wolle.

(advertinsje)
(advertinsje)