Fûgelwacht Raard-Brantgum skrikt fan komst baggerdepots by greidefûgelgebiet

17 jan 2020 - 06:51

De neisoargers fan fûgelwacht Raard kinne it suver net leauwe: der komme twa baggerdepots fan Wetterskip Fryslân ticht op greidefûgelgebieten dêr't ferline jier noch mear as 30 spantsjes skriezen sieten. "Wy foarsjogge in grutte fersteuring", fertelt Thom Feddema fan de fûgelwacht Raard-Brantgum.

De oanlis fan in baggerdepot - Foto: Thom Feddema, Fûgelwacht Raard-Brantgum

Der is tweintich jier lang wurke en ynvestearre om yntinsive greiden sa om te foarmjen dat de skriezen en noch folle mear fûgelsoarten der graach briede wolle. De fûgelwacht is der wis fan dat de 1,40 meter hege depots derfoar soargje sille dat dy fûgels takom maitiid der net mear wêze wolle.

Wat is der by it Wetterskip oan de hân om tsjin negative advizen yn te gean?

Thom Feddema

"We makken ús earst net al te bot soargen", fertelt Feddema. "Mar doe ha we ús der as neisoargers yn ferdjippe. It sil dochs net, tochten we. Nei ekologysk ûndersyk kaam der ek negatyf advys, dus doe tochten we dat it wol tafalle soe." Nettsjinsteande dat negative advys komme de depots der dus dochs.

"Wat is der by it Wetterskip oan de hân om tsjin dat soarte advizen yn te gean?", freget Feddema him ôf. De neisoargers ha kontakt opnommen mei de polityk en der binne fragen steld by it Wetterskip. "It deistich bestjoer sei dat se nei in oar plak sjen soene. Mar op 5 desimber liezen we by Omrop Fryslân dat de baggerdepots der dochs komme."

De depots lizze der sa'n twa jier lang en binne nedich foar it baggerjen fan de Raarder Feart en de Holwerter Feart.

Protestboerd: 'Greidefûgelbehear fan 't Wetterskip is bagger'

De oanlis fan ien depot is al úteinset. De earste protestbuorden binne no makke troch de lilke en teloarstelde neisoargers. De neisoargers binne tongersdei ek nei deputearre Douwe Hoogland stapt, yn de hoop dat hy noch wat foar se betsjutte kin. "Hy is dochs de Fryske minister fan greidefûgelsaken", seit Feddema.

Thom Feddema fan de fûgelwacht Raard-Brantgum

(advertinsje)
(advertinsje)