Noch in lêste berjocht oan Staartjes: "Rust zacht Meneer Aart"

16 jan 2020 - 20:55

In blomke, in gedichtsje, of allinnich in namme. Tongersdei stie MFC D'Ald Skoalle yn Dronryp iepen foar minsken dy't noch in lêste berjochtsje of oantinken oan Aart Staartjes efter litte woene.

It kondoleânsjeregister wurdt fol skreaun mei oantinkens of in wurd fan treast troch alle mooglike generaasjes dy't opgroeid binne mei 'Meneer Aart'. "Mensen moeten soms even op elkaar wachten, het loopt vanmiddag wel door", fertelt frijwilliger Ankie Minke. Dat it drok is ferrast Ankie Minke net. "Ik ben niet echt verrast. Ik zou wel verrast zijn als dat niet zo geweest was."

De measte oantinkens dy't foarby komme binne toch wol oan it telefyzjeprogramma Sesamstraat. "Eigenlijk heeft iedereen die hier vanmiddag kwam herinneringen dat programma. Ze kennen het van toen de kinderen klein waren en van de kleinkinderen die daar naar keken. Met het programma zijn vele uren gevuld."

Koffer fan Aart

"Hij speelde in Sesamstraat dat vonden de meeste kinderen wel leuk en grappig," lêst Alana foar. De bern fan de basisskoalle hawwe in koffer makke mei tekeningen en gedichten foar Meneer Aart. De koffer foar Aart Staartjes giet ek nei de famylje.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek by it kondoleânsjeregister

De NTR stjoert freed as earbetoan oan Aart Staartjes in Sesamstraatmaraton út. De maraton-útstjoering is te sjen op it temakanaal Zappelin, tusken fiif en acht oere. Der binne ôfleveringen te sjen dêr't Meneer Aart in wichtige rol yn spile. En der wurde ek ferskes útstjoerd dy't Aart Staartjes songen hat.

(advertinsje)
(advertinsje)