Kop-sturtbotsing op De Skieding by ôfslach nei Grinzer Pein

Op De Skieding tusken Drachtsterkompenije en de Grinzer Pein wie tongersdeitejûn in kop-sturtbotsing. In bestjoerder woe fan De Skieding ôfslaan nei de Parksterdwarswei. In auto dy't efter har ried koe net mear op 'e tiid remje en botste op de foarlizzer.
© De Vries Media
In plysjewein en in ambulânse binne op it plak kaam om help te ferlienen. De bestjoerder fan de foarste auto hie troch de klap lêst fan de nekke. Hy is nei it sikehûs brocht.
Earder op de jûn barde der ek al wat op De Skieding: doe bedarre in auto yn de boskjes op de rotonde, net folle fierder as de ôfslach nei de Parksterdwarswei.