Fanfarekorps Constantia Menaam bestiet 125 jier en wol op konsertreis

It fanfarekorps Constantia fan Menaam bestiet dit jier leafst 125 jier. Om dat jubileum te fieren hat de fanfare aktiviteiten opset, lykas ferskate konserten yn it doarp sels. Mar de leden tinke grutter en wolle op toernee. Dêrom hawwe sy in crowdfundingsaksje opset foar in konsert- en kultuerreis nei it Moezelgebiet yn Dútslân.
Fanfarekorps Constantia © X-lent for you
Fanfarekorps Constantia besiket safolle mooglik donaasjes byinoar te krijen om de konsertreis foar inoar te krijen. Sy wolle op syn minst twa optredens dwaan en ekskurzjes dwaan yn it Moezelgebiet. As tsjinprestaasje meitsje de donateurs kâns op bygelyks frijkaarten, hûskeamerkonserten of in priveeles.