Brânwacht foarkomt dat skoarstienbrân yn Appelskea út 'e hân rint

16 jan 2020 - 20:04

De brânwacht fan Appelskea hat tongersdei oan de ein fan de middei foarkaam dat in skoarstienbrân fierder út 'e hân rinne soe. De brân wie oan it Smidslaantje. In tankautospuit en in ljedderwein wiene gau op it plak.

Brânwacht op it dak - Foto: De Vries Media

Ien fan de manlju fan de brânwacht is it dak op gien en koe it fjoer útmeitsje. Aldergeloks wie der foar de bewenners fierder gjin skea yn it hûs. Der is ek net ien ferwûne rekke by de skoarstienbrân.

(advertinsje)
(advertinsje)